Frijheidsbeam

In frijheidsbeam wurdt plante yn Frankryk, 1790
Akwarel fan Goethe, frijheidsbeam mei in Frygyske mûtse, 1793

In frijheids beam of frijheidspeal is in beam of houten peal dy't frijheid en demokrasy symbolisearret. De frijheidsbeam wie in protte brûkt symboal fan de nije maatskippij sa't dy troch de Frânske Revolúsje beoardere wie. Ek yn oare lannen wie de frijheitsbeam it symboal foar fergelykbere omkearingen, sa as de Bataafske Republyk yn Nederlân. De oarspronklike frijheidsbeam wie de Liberty Tree yn Boston, in iep dy't yn 1765 in plak fan gearkomst waard foar tsjinstanners fan it Britske koloanjale bestjoer yn de oanrin nei de Amerikaanske Revolúsje.

Nei de fal fan Napoleon en de Restauraasje yn Frankryk waarden de beammen op befel fan de kening út de stêden ferwidere, hoewol't se yn doarpen faak stean bleaune. By de Febrewarisrevolúsje fan 1848 waarden opnij in soad frijheidsbeammen plante. Yn Nederlân waard der wol in oranjebeam fan makke, as symboal fan it Hûs Oranje-Nassau.

Der waard songen en dûnse om de frijheidsbeam. Boppe-oan de frijheidsbeam hong meastal in findel, faak read. Somtiden waard der ek in Frygyske mûtse, ek wol Jakobiner mûtse neamd, oan de peal hongen, symboal fan frijheid. De frijheidsbeammen waarden fersierd mei flaggen, blommen, linten, ljochtsjes en oare fersiersels. Se waarden suver fereare en tsjinnen as sammelpunt en in soarte fan alter foar de revolúsjonêre beweging; se waarden wetlik beskerme. Yn Nederlân waarden de yn 1787 nei it bûtenlân útwykte patriotten ûnder de frijheidsbeammen tasprutsen.

Nei 1795 bleaune de frijheidsbeammen stean, mar hiene pleatslik gâns te hâlden fan anti-revolúsjonêren, bygelyks yn it Kollumer Oproer.

Nei de befrijing fan 1945 binne yn Nederlân wer in protte frijheidsbeammen set.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Vrijheidsboom.

  • Wikipedia nl:, Vrijheidsboom

Developed by StudentB